HEA! Hynstefamke Anna Maaike

As jong famke wist Anna Maaike al dat se letter mei hynders wurkje woe. En har dream is útkaam. Se traint en fersoarget no Fryske hynders by Stal Okkema yn Britswert. Anna Maaike en har kollega's hawwe it gewoanwei yn jannewaris smoardrok mei de hynstekeuring. Troch de corona is dat dit jier oars. Se flogge no oer harren wurk sadat minsken thús ynsjoch krije yn it wurk yn in hynstestâl.
HEA! Anna Maaike