Jûnsklok: in goed idee of net?

13 jan 2021 - 16:04

In jûnsklok hat allinnich sin as der genôch kontrôle is en yn stedsgebieten. Foar in plattelânsgebiet as Fryslân hat it gjin doel. Dat seit pensjonearre Eurolobbyist Wytze Russchen, foarhinne fan Drachten. Hy wennet yn de Spaanske regio Kataloanië dêr't se al in jûnsklok hawwe.

Leech Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

De opsje fan in jûnsklok wie tiisdei ien fan de opfallendste eleminten op de parsekonferinsje fan premier Rutte en minister De Jonge. It kabinet freget it OMT om in spoedadvys oer it ynfieren fan in jûnsklok yn Nederlân. Sa'n jûnsklok soe mooglik in ekstra remjend effekt hawwe kinne op de fersprieding fan it coronafirus. It kabinet makket him grutte soargen oer de fierdere fersprieding fan de Ingelske fariant fan it firus en wol mear dwaan.

Yn it bûtenlân bestiet de jûnsklok al langer. Yn de regio Kataloanië yn Spanje bygelyks meie ynwenners tusken 10 oere jûns en 6 oere moarns net bûtendoar wêze sûnder jildige reden.

Jûnsklok ferskilt per regio

De tiid fan it útgeansferbod ferskilt per regio, fertelt Wytze Russchen dy't yn it doarp Sitges flakby Barcelona wennet. Yn Kataloanië giet de jûnsklok om 10 oere yn en yn Madrid om 12 oere nachts.

Unwerklik

Yn it begjin hie it wat ûnwerkliks foar Russchen. It die him tinken oan oarlochstiid, al hat er de oarloch sels net meimakke. It fielt as reitsje jo it rjocht op gean en stean wêr't jo wolle kwyt. Jo wurde beheind yn jo frijheid.

It went

Mar alles went. Ast jûns in ôfspraak hast, wurdst nei njoggen oere al wat ûnrêstich, want moatst om 10 wer binnen wêze. Mar wy binne der no op ynsteld, seit Russchen. De boetes lige der ek net om yn Spanje. Dy 600 euro binne foar in hiel soad minsken in moannesalaris.

Hege need by de hûn

Russchen is ien kear bûtendoar trappearre troch de plysje. Dat wie doe't syn hûn driuwend 'wat dwaan moast'. Hy koe it lykwols útlizze oan de plysje dat er in jildige reden hie om bûtendoar te wêzen. Dat it net wie om te drinken of om in feestje te fieren.

Want dêr is it de Spaanske oerheid om te dwaan: it tal minsken te ferminderjen dat bûtendoar byninoar komt en sûnder mûlkapkes te ticht opinoar oan it drinken en feeestfieren slacht.

Wytze Russchen

(Advertinsje)
(Advertinsje)