KNVB hâldt twa opsjes iepen foar ferfetsjen amateurfuotbal

13 jan 2021 - 12:29

De KNVB hat noch hieltyd twa opsjes op tafel lizzen foar it ferfetsjen fan de amateurfuotbalkompetysjes by de senioaren. Fanwegen de lockdown, dy't no ferlinge is oant 9 febrewaris, is it net mooglik om de folsleine kompetysje út te spyljen. It útspyljen fan allinnich de earste kompetysjehelte of alle senioarekompetysjes opdiele yn twa pûls, binne neffens it fuotbalbûn noch wol opsjes.

Fuotbal - Foto: Shutterstock.com

"Ondanks de verlenging van de lockdown is het op dit moment nog te vroeg om een definitief besluit te nemen over een van deze scenario's", seit it fuotbalbûn.

"Hoewel het er niet gemakkelijker op wordt, blijven beide scenario's nog steeds realistisch en haalbaar. Met de eerstvolgende persconferentie hopen we van het kabinet meer duidelijkheid te krijgen over eventuele versoepelingen voor de sport. Op basis hiervan zal uiterlijk in de week van 9 februari een besluit worden genomen over de hervatting van de competities."

Maksimaal twa persoanen

Op dit stuit meie senioareteams yn groepkes fan maksimaal twa persoanen traine. Underlinge wedstriden spylje, lykas by de jongerein oant 18 jier, is net tastien. De KNVB hâldt der rekken mei dat foarôfgeand oan in eventuele werstart fan de kompetysje de senioareteams earst in pear wiken normaal yn groepsferbân traine kinne moatte.

Op it betelle fuotbal nei waarden alle sportkompetysjes yn oktober stillein doe't de twadde coronaweach him oantsjinne. Yn it amateurfuotbal wie de nije kompetysje doe pas krekt begûn. Doe't it kabinet yn desimber in lockdown ôfkundige, bliek dat in hope werstart fan de kompetysje heal jannewaris net mooglik wie. De KNVB hold twa opsjes oer, dy beide no noch hieltyd jilde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)