Wurkstraf foar frou dy't azc-ferpleechster mei mes bedrige

In âld-bewenster fan it asylsikerssintrum yn Drachten is woansdei by ferstek feroardiele ta in wurkstraf fan 20 oeren. De 46-jierrige frou bedrige begjin oktober op it azc in ferpleechkundige mei in skylmeske.
It AZC yn Drachten © COA
De frou ferklearre letter dat se 'lilk en in bytsje dronken' wie doe't se de ferpleechster bedrige. De ferpleechkundige hold sprekoere op it azc. De frou woe medisinen hawwe, dêr't in dokter earder al fan sein hie dat se dy net mear krije moast. Ek de ferpleechster wegere de frou de pillen te jaan.
De fertochte joech tsjinoer de plysje ta dat se it mes bewust meinaam hie om dien te krijen dat de ferpleechster har medisinen jaan soe. Dat makke it foarfal "extra kwalijk" fûn de offisier fan justysje. De frou is nei it ynsidint oerpleatst nei it azc yn Hoogeveen yn Drinte.
De Immigratie- en Naturalisatiedienst (IND) lei de frou in frijheidsbeheinende maatregel op: se mocht fjouwer wiken lang it terrein fan it azc net ferlitte. Op dit stuit ferbliuwt de frou op in azc yn Arnhem. De plysjerjochter feroardiele de frou ta in wurkstraf fan 20 oeren en dat wie lyk oan de eask.