Fûgels hâlde is populêr, feriening Surhústerfean hopet op nije leden

13 jan 2021 - 13:51

It is foar in soad minsken in moaie tiidsbesteging yn dizze coronatiid: fûgels hâlde. Hast elkenien is op dit stuit faker thús en dat makket it hâlden fan fûgels oantreklik. De Fûgelferiening Surhústerfean fernimt ek dat de ynteresse tanimt. De feriening kriget in soad fragen fan minsken dy't nijsgjirrich binne nei wat it allegearre ynhâldt.

Sels hat Henk Postma, de foarsitter fan de feriening, it moai foarinoar. Yn de achtertún fan syn hûs yn Surhústerfean stean sûnt goed tweintich jier meardere grutte foliêren. "Ik haw hjir op dit stuit sa'n sechtjin fûgels", fertelt Postma. "Der sit wol aardich wat wurk yn. Se moatte fansels alle dagen iten en drinken hawwe. Myn frou helpt ek in soad, as ik it drok haw. It giet hiel moai sa mei ús beiden."

Ledegroei

De fûgelferiening yn Surhústerfean hat op dit stuit sawat sechtich leden. Der is de ôfrûne tiid sprake fan in lichte groei, foaral by de jeugd. Postma hopet dat de coronatiid derfoar soarget dat mear minsken lid wurde wolle fan de feriening. "Je kinne elkoar dan helpe, en tips en advys jaan. Want der komt fansels wol wat te sjen by it hâlden fan fûgels."

Foarsitter Henk Postma en Ilse Dijkstra fan de Fûgelferiening Surhústerfean

Ien fan de jongste leden fan de feriening is Ilse Dijkstra (10) fan De Harkema. Sy is al jierren gek fan fûgels en hat yn 'e achtertún har eigen foliêre. "Ik fûn it sels altyd al moai om mei bisten en fûgels dwaande te wêzen. Ik bin ek frijwilliger by it asyl. Ik haw it eins fan ús heit en pake meikrigen."

Frysk kampioenskip

Nettsjinsteande alle beheiningen fanwegen corona, wêrtroch't de fûgelshows it ôfrûne jier net trochgiene, hoopje se yn Surhústerfean ein dit jier it Frysk kampioenskip te organisearjen.

Foto: Koos Scherjon, RTV NOF
(Advertinsje)
(Advertinsje)