GGD hâldt 'generale repetysje' foar faksinearjen yn WTC Expo

13 jan 2021 - 13:19

De faksinaasjesstrjitte fan GGD Fryslân yn it WTC Expo yn Ljouwert is hast klear. Fan freed ôf moatte dêr alle dagen 325 minsken faksinearre wurde kinne. Woansdei is de saneamde dry-run, in soarte fan generale repetysje.

GGD hâldt 'generale repetysje' foar faksinearjen yn WTC Expo

Yn it WTC Expo stean 22 wite kabines, 'priklinen', op in rige dêr't minsken aanst harren prip ûntfange kinne. "Per priklijn kunnen we twaalf prikken per uur zetten. We prikken van 8.00 tot 20.00 uur. Dus we kunnen heel wat mensen vaccineren", leit projektlieder Jeannette Provoost fan GGD Fryslân út.

Freed wurde de earste faksins tatsjinne by personiel fan ferpleech- en fersoargingshûzen. "We beginnen vrijdag met drie straten. Wij krijgen in eerste instantie 325 vaccins per dag. Die zullen we ook allemaal uitdelen." De Fryske sikehûzen hawwe foarige wike sels al harren akute soarchpersoniel yninte. Yn totaal sizze goed 6800 Fryske soarchmeiwurkers dat se it faksin wolle.

Flakons

De GGD krijt de faksins oanlevere yn in doaze mei flakons mei yn totaal 975 doases. Ut ien flakon kinne fiif doases, dus fiif prippen, helle wurde. "Inmiddels is al gezien dat het vaak lukt om er zes uit te halen. Dus dat gaan we ook zeker proberen. Hoe meer prikken we kunnen zetten met de hoeveelheid vaccins die we hebben, hoe beter", seit Provoost.

Twa ôfspraken

Op dit stuit sit GGD Fryslân folslein folboekt mei de 325 ôfspraken deis. Dat betsjut dat de sûnenstsjinst seis wiken foarút kin. "Iedereen die door zijn werkgever is uitgenodigd, kan een afspraak maken." Se krije dan tagelyk twa ôfspraken, ien foar de earste faksinaasje en ien foar de twadde. "Er wordt zo gepland dat iedereen die een afspraak krijgt, gegarandeerd een tweede afspraak kan krijgen."

Yn 'e rin fan de tiid komme dêr hieltyd mear faksins by. "Dat betekent dat wij het aantal priklijnen uitbreiden, zodat we zo veel mogelijk mensen in zo kort mogelijke tijd kunnen vaccineren."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Linda Verhagen is ien fan de minsken dy't de ynintings docht. Se is it faksinearjen al wend, mar dochs is it foar har spannend. "Het gaat toch om een nieuwe campagne. We doen vaker massavaccinaties, daar zijn we dan op voorbereid", fertelt Verhagen. De prippers moatte no lykwols noch sekuerder te wurk gean. "Zodat we zes vaccins uit de flacons kunnen halen in plaats van vijf."

Logistike útdaging

Der binne aanst faksins beskikber fan ferskillende fabrikanten: Pfizer, Moderna, AstraZeneca. "Die zijn voor verschillende doelgroepen", leit Provoost út. "Als we hier straks drie verschillende doelgroepen vaccineren, zullen we er goed op moeten letten dat de juiste mensen het juiste vaccin krijgen en dat het goed geregistreerd wordt."

It moat dus net troch inoar hinne rinnen gean. "Het is niet de bedoeling dat iemand eerst het Pfizer-vaccin krijgt en daarna een Moderna-prik. Dat is logistiek nog een extra uitdaging. Maar die kunnen we aan."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn de faksinaasjelokaasje yn it WTC Expo

(Advertinsje)
(Advertinsje)