Lesjaan mei oardel meter ôfstân: hoe dogge jo dat?

13 jan 2021 - 13:09

Skoalbestjoeren binne mei-ioar yn oerlis oer hoe't se de nije oardelmeterplicht útfiere kinne. Learlingen op middelbere skoallen moatte oardel meter ôfstân hâlde faninoar. Oant no ta hoegden de learlingen dy ôfstân allinne ta dosinten te hâlden, mar no ek ta elkoar. De nije regels freegje om maatwurk.

Lesjaan mei oardel meter ôfstân: hoe dogge jo dat?

Tiisdei is besletten dat de lockdown trije wiken langer duorje sil, oant en mei 9 febrewaris. De skoallen bliuwe dus noch trije wiken langer ticht, mar net foar eksamenklassen, kwetsbere learlingen en learlingen praktykûnderwiis. Dy mochten al wol nei skoalle ta en dat bliuwt sa. Wat nij is dat se no wol ôfstân faninoar hâlde moatte. En dat kin in probleem wurde.

Foto: Omrop Fryslân

De measte gebouwen binne net grut genôch om 800 oant 900 learlingen dy't allegearre oardelmeter útinoar sitte, les te jaan. "Ik wie fan 'e moarn op in middelbere skoalle yn Grou", fertelt Omrop Fryslân-ferslachjouwer Wytse Vellinga, "en dêr wiene se begûn de taffeltjes en stuollen oardel meter útinoar te setten."

De skoallen hiene wol ferwachte dat de lockdown langer duorje soe, yn ferbân mei de Britske fariant - dy't besmetliker liket foar bern -, mar net dat de oardelmeterplicht wer ynfierd wurde soe foar de learlingen.

Meardere mooglikheden

De fraach is no hoe dat te regeljen. As de learlingen oer meardere lokalen ferdielde wurde, moatte de dosinten hinne en wer rinne. Miskien is lesjaan yn it gymnastyklokaal in opsje, want dêr kinne in soad learlingen by-inoar sitte op oardel meter ôfstân. Mar dat smyt ek wer besmettingsrisiko's op.

In oare mooglikheid is in part fan de learlingen yn de klasse en op itselde stuit in oar part thús les te jaan. Wat it wurde sil, moat elke skoalle foar himsels útmeitsje.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga oer de nije oardelmeterplicht op middelbere skoallen

Mei de eksamenlearlingen slagget dat wol, dy kinne oer meardere lokalen ferdield wurde. As elkenien wer nei skoalle kin, wurdt dat wol yngewikkeld.

Meardere senario's

"We kunnen niet alle leerlingen ontvangen. Er zijn verschillende scenario's waaronder hybride lesgeven, de helft van de leerlingen op school en de helft thuis voor een scherm, maar dat vergt veel van de docent. Of we laten klassen op verschillende dagen op school komen", seit Anne Leijenaar fan CVO Sudwest-Fryslân, mei skoallen yn ûnder oaren Snits en Boalsert.

Ek moat dat per gebou besjoen wurde wat mooglik is. En ek it ôfnimmen fan toetsen wurdt dreech. "Bovendien moeten de leerlingen weer op anderhalve meter, niet alleen in de klas maar ook in de kantine. Dat zijn ze niet gewend." Hy hat wol noed oer achterstannen yn it learen, dy binne net samar wer ynhelle. "Maar docenten doen er alles aan."

Anne Leijenaar

(Advertinsje)
(Advertinsje)