Opknapbeurt foar Sint Pitertsjerke Grou: "Moat hjir noch tûzen jier stean"

13 jan 2021 - 12:32

De kommende acht wiken kriget de Sint Pitertsjerke yn Grou in grutte opknapbeurt. Elke seis jier moat dat barre, om de tsjerke yn goede steat te hâlden. "De tsjerke is fan 1125, dy falt samar net om. Mar der is wol ûnderhâld nedich, want we wolle graach dat de tsjerke noch tûzen jier stiet", seit koster Eddy van der Noord.

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Yn de hal fan de tsjerke falt in grutte skuor yn 'e muorre op, dy't op sa'n twa meter hichte dúdlik te sjen is. "Der binne trije grutte skuorren dy't oanpakt wurde moatte", seit de koster. "Dit is ûnderhâld dat elke seis jier plakhat. Grou leit fansels op fean en klaai, dus dat fersakket wat troch de tiid. Dat smyt dan skuorren op yn de tsjerke. Sa no en dan moatte je dêr wat oan dwaan."

Koster Eddy van der Noord oer it ûnderhâld

Neist de skuorren bledderet it stúkwurk op ferskate plakken ôf. Dat liket ienfâldich yn oarder te meitsjen, mar der mei by de wurksumheden gjin stof by it oargel komme. "Stof kin derfoar soargje dat it ynstrumint falsk wurdt. Dus dat oargel pakke we hielendal yn om dat foar te kommen."

Toer ûnder hannen naam

Ek yn de toer fan de tsjerke is ûnderhâld nedich. Op tritich meter hingje de twa grutte klokken fan de Sint Pitertsjerke. Dy binne de kommende wiken net te hearren yn it doarp. It houten ûnderstel wurdt de kommende wiken hielendal neisjoen, en it houtwurk fan de galmbuorden moat ek restaurearre wurde. "Dat is de binnenkant, mar foar de bûtenkant komt der noch in heechwurker wêrmei't bygelyks de wizerplaten fan de klok ôfhelle wurde, want dy moatte ek opknapt wurde."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar seach yn de toer fan de tsjerke

De ôfrûne moannen hat de besetting yn tsjerke minimaal west op snein. En dat sil ek noch wol even sa bliuwe, tinkt de koster. Der wurde wol tsjinsten hâlden, mar dy binne allinnich fia in livestream te sjen. "Dan binne der in dûmny, in âlderling, in organist en in kameraman oanwêzich. En mei de krystdagen wiene der noch twa foarsjongers by. En in koster fansels", laket Van der Noord. "Want sûnder koster kin in tsjerketsjinst net trochgean, lit dat dúdlik wêze."

(Advertinsje)
(Advertinsje)