Riedseal Weststellingwerf krijt nij fergadersysteem

13 jan 2021 - 12:01

De ried fan Weststellingwerf stipet unanym de plannen fan it kolleezje om 86.000 euro út te lûken foar in nij fergadersysteem yn de riedseal en nij - coronaproof - meubilêr. De boargemaster wol it fia lokale ûndernimmers regelje. De earste hat him yntusken al meld.

It gemeentehûs fan Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Mei in nij kamerasysteem kinne boargers ek nei de coronakrisis de riedsgearkomsten better folgje. Sa is troch it gebrûk fan paskes te sjen wa't it wurd hat en wurde automatysk de namme en de partij toand. Fan de sprekstoel ôf moat de sprekker him dan mei syn paske oan- en ôfmelde.

De oare OWO-gemeenten (Eaststellingwerf en Opsterlân) meitsje al gebrûk fan sa'n systeem.

Meubilêr

Fierder komme der yn de riedseal ienpersoanstafels. Dêr kin yn coronatiid feilich gearkommen wurde. De lytse tafels kinne ek by inoar set wurde, sadat der yn gruttere groepen gearkommen wurde kin.

De âlde tafels binne ôfskreaun. De stuollen wurde net ferfongen. De ried wol noch wol dat besjoen wurdt oft dat binnen it no beskikber stelde budzjet miskien noch kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)