Tal coronapasjinten sakket hiel stadich, mar sifers kinne bot wikselje

Yn Fryslân lizze op it stuit 85 pasjinten mei it coronafirus yn it sikehûs. Tritich fan harren binne opnaam op de intensive care. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland. De sifers binne krekt wat leger as moandei, mar it kin noch bot feroarje.
It Antonius-sikehûs yn Snits © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Moandei leine noch 89 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen, fan wa 32 op de IC. Doe wie it tal pasjinten op de Fryske IC's noch in bytsje oprûn.
Yn de noardlike trije provinsjes lizze woansdei mei-elkoar 215 minsken mei in mooglike coronabesmetting yn it sikehûs. Moandei wiene dat noch 224.
De sifers kinne bot wikselje. Se jouwe in byld fan ien momint yn de moarntiid. Middeis kin it it der al wer hiel oars by lizze. De oantallen feroarje somtiden yn ien oere, sa makket it akutesoarchnetwurk Noard-Nederlân bekend.
RIVM-baas Jaap van Dissel overwaget lanlik mooglik ekstra maatregels fanwege de tige besmetlike Britske fariant op it coronafirus.