D66 stelt skriftlike fragen oer faaistean Snitser merk

13 jan 2021 - 11:41

D66 yn Súdwest-Fryslân seit skrokken te wêzen fan it nijs dat de Snitser merk de ôfrûne tiid bot ynkrompen is. De merk stiet faai omdat der noch mar in pear kreamkes stean. De partij stelt der dêrom fragen oer oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"De markt is een belangrijk onderdeel van een gezellige en levendige binnenstad", seit fraksjefoarsitter Marieke Vellinga. "Wij vinden het dan ook heel belangrijk dat we de markt in Sneek weer kunnen laten groeien."

Merkkeaplju jouwe oan dat it oerlis mei de gemeente de ôfrûne jierren net goed gien is. Sy fine dat der net goed nei harren harke is en dat de merk te folle romte ynleverje moatten hat oan de hoareka.

Fragen

Wethâlder Bauke Dam hat al oanjûn dat hy graach mear wurkje meitsje wol fan de Snitser merk. D66 is benijd hoe rap oft dit barre sil en wa't de wethâlder hjirby belûke sil. Ek wol de partij witte oft dit probleem op mear plakken yn de gemeente spilet.

"In een stad als Sneek moet het toch mogelijk zijn om ruimte te hebben voor de horeca én voor een leuke en diverse weekmarkt", ferklearret Vellinga. "We willen dat alle betrokkenen zo snel mogelijk met elkaar om tafel gaan om te zorgen voor een toekomst voor de Sneker markt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)