Rami Kaib is fiifde oanwinst foar SC Hearrenfean

13 jan 2021 - 10:59

Rami Kaib is de fiifde oanwinst fan SC Hearrenfean yn de winterske transferperioade. De linkerfleugelferdigener komt oer fan IF Elfsborg en hy wurdt woansdeitemiddei presintearre. Kaib tekenet in kontrakt oant de simmer fan 2024.

Rami Kaib

De 23-jierrige Kaib moat de konkurrinsje oangean mei Lucas Woudenberg foar de linksbackposyzje.

Technysk manager Gerry Hamstra: "Je wil eigenlijk alle posities dubbel bezet hebben en dat hebben we nu. We kennen Rami al een tijdje, hij is een vleugelverdediger die de hele zijkant kan bestrijken. En hij legt heel veel energie in zijn spel, dus wat dat betreft een mooie toevoeging aan onze selectie.".

Gerry Hamstra oer Rami Kaib

Kaib komt út de eigen jeugdoplieding fan Elfsborg. Mei dy ploech einige er ferline seizoen as twadde yn de Sweedske kompetysje.

Neffens Sweedske media betellet Hearrenfean fiif ton foar de ferdigener. Oare âld-spilers fan SC Hearrenfean dy't by Elfsborg spile hawwe, binne Lasse Nilsson, Kevin Stuhr Ellegaard, Ibrahim Dresevic en Arbër Zeneli.

(Advertinsje)
(Advertinsje)