Fiif en seis jier sel easke tsjin twatal foar besykjen ta moard

It Iepenbier Ministearje (IM) hat tiisdei tsjin in 46-jierrige Ljouwerter en in 29-jierrige ynwenster fan Grou respektyflik fiif en seis jier sel easke. Neffens it IM soe it twatal him yn 'e simmer fan 2019 skuldich makke oan it besykjen ta moard op in doe 34-jierrige ynwenner fan Koatstertille.
Rjochter © Shutterstock.com
De fertochten hawwe de Tilster neffens it IM bewust nei de wente fan de Grouster lokke. Sy tochten dat hy efter in - net besteande - seksadverintsje yn de Kollumer Courant siet, dêr't de Grouster har 'tsjinsten' yn oanbea. Letter bliek it om in grap te gean. De Grouster tocht dat de Tilster de advertinsje pleatst hie.
Hy waard nei de wenning lokke, wêrnei't de Ljouwerter him mei in stik ark oanfoel. De Tilster krige in pear klappen, mar slagge der úteinlik yn de Ljouwerter út te skeakeljen. Doe't de plysje arrivearre, lei de Ljouwerter 'mear dea as libjend' yn de wente. De man hat lang refalidearje moatten en hy kin him neat heuge fan de bewuste nacht.

Posttraumatyske stress

De Tilster waard foarich jier feroardiele ta in jier sel mei tbs en twangferpleging om't hy mear geweld brûkt hie as nedich en it neffens de rjochter net mear as selsferdigening te beskôgjen wie.
Hy tekene berop oan. Tiisdei wie hy as slachtoffer by de sitting. Hy wol 15.000 euro oan smertejild fan de fertochten. Hy hat in posttraumatyske stress-steuring oprûn.

Opset plan

Neffens de offisier fan justysje hawwe de Ljouwerter en de Grouster de man bewust nei de wente lokke mei de bedoeling him om it libben te bringen. De offisier stelde dat it nei de mienskip ta net út te lizzen falt om de fertochten frij rûnrinne te litten.
Tsjin de Ljouwerter is fiif jier sel easke, tsjin de Grouster seis jier, om't it hiele foarfal har inisjatyf west hawwe soe.
De rjochtbank docht op 26 jannewaris útspraak.