Boargemaster Buma slút twa drugswenten yn Ljouwert

13 jan 2021 - 09:52

Boargemaster Sybrand Buma hat tiisdei twa wenten yn Ljouwert slute litten fanwegen drugsaktiviteit. It giet om in hûs oan de Eikenstraat en ien oan de Leeuwerikstraat.

Drugs - Foto: Omrop Fryslân

Yn de wente oan de Eikenstraat trof de plysje op 5 novimber 2020 heroïne en kokaïne oan. Ek waard der oan drugshannel relatearre guod fûn, lykas in grut kontant jildbedrach en skaaltsjes mei heroïne- en kokaïneresten.

Yn de wente oan de Leeuwerikstraat fûn de plysje op 20 oktober 2020 ek heroïne en kokaïne en in grut kontant jildbedrach.

Beide wenten binne foar seis moannen sletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)