Kollum: "Kultuer"

13 jan 2021 - 08:48

"Boargemasters moatte op it heden digitaal harren nijjiersredes hâlde. Lekker maklik, foaral foar sjoernalisten. Al moatte je oan de ein fan de rede wol digitaal toaste, mar sjoernalisten betelje noait sels in buorrel, dus dan binne dy al oan it skriuwen. Dat is foar it oare by elke boargemaster gelyk. "De boargemaster hopet dat de corona gau fuort is, hulde oan de soarchmeiwurkers, en de regearing moat it fierder allegearre betelje."

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

De taspraak fan harren baas, kommissaris fan de Kening Arno Brok, triggere my justjes wat mear. Hy sei dat hy der de ôfrûne moannen oer stroffele dat Rutte it inkeld mar hie oer sauna's en massaazjesalons en net oer de Fryske kultuer. Net de massaazjesalon mar dy kultuer hâldt ús fitaal, sei hy. "De kultuer is de humuslaach fan de mienskip, it soarget foar soerstof foar de geast". De rest fan syn ferhaal ha ik net nei harke. Ik wie ferbjustere: kultuer de humuslaach fan de mienskip. Tsjong.

Want in humuslaach bestiet út plantaardich biologysk ôfbrutsen guod. Kultuer in dea spultsje? No nee, want humus blykt ek wer net hielendal dea te wêzen. It measte libben is der wol út, mar op ien of oare frjemde wize is it tige fruchtber. Humus sûget ek noch CO2 út de loft. Dêrom wit Brok ek sa goed wat humus is, efter de gerdinen besykje se hiel Nederlân ûnder in humuslaach te lizzen, dan foldogge we pas oan it klimaatakkoart fan Parys.

Jim begripe wat Brok seit. Hy fynt it net goed dat minsken yn coronatiid wol mei telefyzjefuotbal dwaande binne, en net mei kultuer. As Brok, eins ek in stikje kultuer, optrede kin fia ynternet, kinne echt keunstners dat fansels ek wol. Wat hie it moai west nei syn rede Fryske Top 100-winner Gurbe Douwstra de Cliffs of Moher sjonge te litten.

We moatte it dus efkes ha oer de Fryske kultuer, want dat is Brok syn bedoeling. Hy is dêr tige loovjend oer. Mar der is in Steatelid en dat is ek noch in buorman fan my, Lieuwe van der Pol, en dy sei twa dagen earder hiel wat oars. Dy kultuer stelt net in hout mear foar want de provinsje jout hiel wat ynstellings gjin of ûnfoldwaande subsydzje, sadat it Fryske Erfskip fertutearzet. Hy seit it wat netsjeser, mar dat komt om't hy by de ChristenUnie sit.

Earst in skiednisleske. De Fryske kultuer moast nei it Kulturele Haadstêd-gedoch mei minder sinten ta. Begryplik. Restauraasje ûnder de titel Nij Poadium. Sa nij dat elk stikje kultuer, ek al bestie it hjir en dêr al mear as 100 jier, wer sizze moast wat se no einliks dogge. Doe hierde deputearre Poepjes in kommisje yn, Jan Folkerts, Stan Petrusa en Minke Schat. De measten fan ús hiene noch noait fan harren heard.

Dat hie al moatten, want sý mochten sizze wa't wol en wa't net subsydzjejild krigen. Se smieten nochal wat kulturele saken dêr't Brok o sa loovjend oer is, likegoed op de dwinger. En Gurbe Douwstra mocht net meidwaan, want hy is gjin stifting. En ik lûk nei it wykein dêr't Joop Mulder yn ferstoar myn wynbrauwen net op oer hiele nijmoadrige saken dy't wól subsydzje krigen. Yn feite docht Van der Pol dat wol.

Brok neamt yn syn rede dat wy langstme hawwe nei de kulturele saken dêr't wy goed yn binne, dêr't wy oan wend binne. De begeanens dy't we hiene mei it ferstjerren fan sawol Teake van der Meer as Joop Mulder jout oan hoe breed oft dat ferskaat is. We ha dus noch gjin ferlet fan kultuer dy't we noch noait belibje koenen. En dy't trouwens ek net útfierd wurde kin, om't we yn de corona sitte.

As dy corona oer is, wolle we dat de folgjende dei de musea wer iepen kinne en dat de kaartsjes foar de iepenloftstikken alwer klear lizze. No wit ik wol dat Brok as kommissaris neat sizze mei oer it provinsjaal belied, mar eins sei hy yn syn rede dat Nij Poadium in net al te gelokkich stikje Frysk kultuerbelied is. Hy wiist nei Rutte, mar hy soe Sietske Poepjes ynflústerje moatte om ris in kear goed te lêzen wat Lieuwe van der Pol sei."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)