Fryske boeren kinne noch altyd mar dreech in opfolger fine

13 jan 2021 - 08:33

Fryske boeren hawwe noch hieltyd grutte muoite om in opfolger te finen foar it boerebedriuw. Dat docht bliken út in lanlik ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). Oer hiel Nederlân hat mear as de helte fan de boeren fan âlder as 55 jier gjin opfolger, mochten se mei pensjoen wolle. De Fryske melkfeebedriuwen dogge it relatyf goed, dêr hat 64 persint in opfolger. By de bouboeren is dat mar 40 persint.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Neffens it CBS wiene der yn 2020 sa'n 52.000 boerebedriuwen yn Nederlân. By 27.000 dêrfan wie de boer âlder as 55 jier. Hast seis op de tsien boeren fan 55+ yn Nederlân hat gjinien klearstean dy't de lieding oernimme kin yn harren bedriuw. Dat spilet benammen by de lytsere lânboubedriuwen.

By grutte lânboubedriuwen stiet de opfolger faak wol klear as it bedriuwshaad tsjin de pensjoenleeftiid is, yn 70 persint fan de gefallen. By middelgrutte bedriuwen is dat 50 persint en by lytse en hiele lytse bedriuwen is it noch minder.

Measte animo foar melkfeebedriuwen

Melkfeebedriuwen hawwe relatyf it faakst al in opfolger klearstean, folge troch geitehâlderijen. De animo om it roer oer te nimmen yn in skieppebedriuw is hie lyts.

Neffens it CBS hawwe lânboubedriuwen yn it Noarden faker in opfolger paraat as bedriuwen yn de súdlike provinsjes. It leechste oantal bedriuwsopfolgers is der dan ek yn Limboarch. Dêr hat mar 34 persint fan de 55+-boeren in opfolger klearstean.

De sifers komme oerien mei fjouwer jier lyn, de lêste kear dat it CBS ûndersyk die nei de opfolging by boerebedriuwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)