Aginten dogge oanjefte nei bekûgeling mei swier fjoerwurk yn Minnertsgea

13 jan 2021 - 08:04

Mei de jierwiksel is der yn Minnertsgea mei opsetsin swier fjoerwurk smiten nei in plysjeauto. Yn de auto sieten op dat stuit aginten, dy't fuortdûke moasten. Sy hawwe yntusken oanjefte dien.

Foto: Omrop Fryslân

De auto rekke swier skansearre en ek by de aginten siet de skrik der goed yn, meldt de plysje op Instagram. Neffens de plysje is der sprake fan fernieling en swiere mishanneling. De twa aginten hawwe oanjefte dien fan dat lêste.

De plysje docht op dit stuit ûndersyk nei de dieders en soe al yn it besit wêze fan byldmateriaal fan it foarfal. De plysje is ek noch op syk nei tsjûgen. Minsken dy't wat sjoen hawwe of ynformaasje of bylden hawwe, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje fia 0900-8844 of anonym fia 0800-7000.

(Advertinsje)
(Advertinsje)