Leit der fan it simmer lang om let in nij keunstgersfjild yn Boalsert?

13 jan 2021 - 07:32

De gemeenterie fan Súdwest-Fryslân beslút dizze wiken oer in nij keunstgersfjild yn Boalsert. It besteande keunstgersfjild op sportpark Het Bolwerk is al skoften oan ferfanging ta, mar it beslút ta de oanlis fan in nij fjild is al ferskate kearen útsteld.

Foto: SC Bolsward

Woansdei wurdt der yn in kommisjegearkomste praat oer it fjild en ein dizze moanne wurdt it ûnderwerp yn de gemeenterie bepraat. As it goed is, wurdt ynkoarten in beslút oer naam.

SC Boalsert makket gebrûk fan it fjild. "Volgens onze spelers kan het bestaande veld al jaren niet meer. Het is tot de draad toe versleten", leit Hajo Osinga fan de fuotbalklup út. "Wonder boven wonder werd het iedere keer weer goedgekeurd."

Dat it fjild sa fersliten is, makket de kâns op blessueres nei alle gedachten ek grutter. "Daar ontstaat steeds meer praat over onder spelers en daar kun je je moeilijk tegen verweren. Of het echt zo is, is moeilijk aan te tonen. De spelers klagen in ieder geval steen en been en het eerste elftal wil er niet meer op spelen."

Lang om let ôfkard

Tiid foar in nij fjild dus. Dêr binne al langer plannen foar, mar dochs leit it der noch hieltyd net. "Vorig jaar stond het ook al op de rol. Dus we hadden verwacht dat het toen al aangelegd zou zijn. Het viel de gemeente toen ook tegen dat het goedgekeurd werd", ferklearret Osinga.

No is it keunstgersfjild lang om let ôfkard. "Nu heeft de gemeente het toch voor elkaar gekregen om het plan opnieuw op de rol te krijgen. Volgens mij betekent dat dat het komende zomer aangelegd wordt."

Hajo Osinga fan SC Boalsert

(Advertinsje)
(Advertinsje)