Mei maatregels en eigen tests kinne sporters VC Snits dochs follybalje

By de yngong fan de sporthal fan follybalferiening VC Snits is in strange coronakontrôle. Eltsenien dy't nei binnen ta wol, moat earst in temperatuermjitting dwaan en in negative coronatestútslach sjen litte kinne. De frouljusploech fan VC Snits spilet yn de earedifyzje en mei dêrom traine en wedstriden spylje ûnder betingst fan strange maatregels. De spilers, bestjoerders en frijwilligers om it team hinne wurde eltse wike test.
© VC Sneek
Ferslachjouwer Geartsje de Vries ûnderfynt de strange kontrôle fan VC Snits
VC Snits hat it testbelied opsteld neffens de regels dy't se trochkrigen hawwe fan de Nederlandse Volleybal Bond (Nevobo). De klup kin de coronatests sels ôfnimme, want sy hawwe tests krigen fan it follybalbûn. Binnen de feriening binne twa minsken oplaat troch de GGD om de tests ôf te nimmen.
As spilers, of minsken om it team hinne de hal yn wolle, wurdt der in fragelist ôfnaam, de temperatuer wurdt mjitten en fierder moatte je fansels de hannen waskje en oardel meter ôfstân bewarje.

Oar belied as by fuotbal

It belied wurket krekt wat oars as hoe't wy it wolris sjogge by it fuotbal. As der ek mar ien posityf test wurdt, dan kin it hiele follybalteam net spylje. Wylst by it fuotbal allinnich de persoan dy't posityf test wurdt yn karantêne giet.
De klup ferwachtet ek dat oare teams dêr't sy tsjin spylje moatte, fuort melding meitsje as der in positive test ôfnaam is. Yn oerlis giet de wedstriid nei alle gedachten dan net troch. "Laten we wel wezen, we zijn dan heel terughoudend", seit bestjoerder Erik Drenth. Dat der net spile wurdt mei in positive test komt ûnder oare om't in soad spilers yn de soarch wurkje.

Jongerein

Neist de topsporters yn de earedifyzje wurdt der net follyballe by de feriening. "Het mag niet, we hebben wel een net weer opgehangen buiten op het beachveld. We zijn in overleg of daar behoefte aan is voor de jeugd. Want dat is het enige wat mag. Maar ja, met deze temperaturen weet ik niet of daar meteen heel veel animo voor is. We hebben bij andere verenigingen gezien dat dat er wel was, dus het is in ieder geval een mogelijkheid om nog iets te doen", seit Drenth.
Bestjoerder fan VC Snits Erik Drenth