Ljouwerter radio-dj Sophie Hijlkema nominearre foar Marconi Award

13 jan 2021 - 06:37

3FM-dj Sophie Hijlkema fan Ljouwert is nominearre foar de Marconi Award foar oanstoarmjend talint. De Marconi Award is in Nederlânske priis dy't sûnt 1996 útrikt wurdt oan radioprogramma's en radiopresintatoaren.

Sophie Hijlkema - Foto: ANP

De Friezinne begûn har karriêre trije jier lyn by 3FM en hat no troch de wike in fêst plakje yn it programma TWEE VIER fan 14.00 oant 16.00 oere. Ek wie Hijlkema ien fan de seis dj's dy't foar 3FM Serious Request: The Lifeline yn lockdown gie. Se foarme in duo mei Sander Hoogendoorn.

Appke

Dat se nominearre is foar de priis krige se op in hiel bysûndere manier te hearren. "Ik was programma aan het maken. Tijdens de show keek ik op mijn telefoon en toen kreeg ik een appje van een collega die me feliciteerde", fertelt Hijlkema. De radio-dj hie net fuort yn de gaten wêr't se mei lokwinske waard.

"Toen heb ik tijdens het programma zelf online een artikel gevonden waarin stond dat ik genomineerd was. Ik wist niet wat ik zag! Ik heb echt vijf of zes keer gekeken en toen besefte ik pas dat het klopte dat mijn naam ertussen stond."

It is foar Hijlkema in stille dream om de priis te winnen. "Je durft er eigenlijk niet op te hopen. Daarom is het extra bijzonder dat je toch tussen die drie namen staat." Hijlkema moat noch hieltyd in bytsje bykomme fan it nijs. "Ik besef het nog niet helemaal, denk ik."

Eare

Tegearre mei Wouter Bouwman en Natasja Gibs fan BNNVARA/NPO is se nominearre foar de Marconi Award foar oanstoarmjend talint. Hijlkema fynt it lestich om har kânsen yn te skatten. Se kent Bouwman en Gibs en harren programma's en wit dat sy aardich wat yn hûs hawwe. "Het wordt door een jury bepaald en ik weet niet waar de jury op gaat letten. En natuurlijk ben ik bezig met de winst, maar ik vind het überhaupt al zo'n eer om tussen deze drie te staan."

De winner wurdt bekendmakke op it Gouden Radioring Gala op 28 jannewaris, dat dit jier fanwegen it coronafirus digitaal is.

Sophie Hijlkema oer har nominaasje

(Advertinsje)
(Advertinsje)