Hok fan keatsklup V.v.V. Klaas Mug yn Ried rêden nei brânstichting

By keatsferiening V.v.V. Klaas Mug yn Ried is tusken moandei en tiisdei besocht it keatshok yn 'e brân te stekken. Neffens de klup koe it hok troch in alerte doarpsbewenner behoede wurde foar brân. Wol is der flink wat skea oan materiaal en flaggemêsten.
V.v.V. Klaas Mug © V.v.V. Klaas Mug
Neffens it bestjoer is it gjin moaie kweajongesstreek. De klup hopet dat minsken dy't wat sjoen hawwe, harren melde by it bestjoer.