Gemeente wol Snitser merk behâlde: "Wy wolle graach in libjende binnenstêd ha"

12 jan 2021 - 18:54

De Snitser merk is in wichtich ûnderdiel fan de binnenstêd, sa seit wethâlder Bauke Dam fan gemeente Súdwest-Fryslân. De merk stiet faai omdat der noch mar in pear kreamkes stean. Neffens wethâlder Dam moat de merk lykwols behâlden wurde.

De merk yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Dat de gemeente de lêste jierren mear omtinken hie foar de hoareka, sa't merkkeapman Wytze Meijer earder sei, is neffens Dam net wier. "De fokus leit by al ús ûndernimmers, sawol by de hoareka as winkellju en ek de merk." De gemeente wol dan ek graach meiwurkje om de merk te helpen, sa seit Dam.

"De merkkeaplju wolle mei-inoar plannen meitsje en dêr wolle wy graach oan meiwurkje", seit Dam. "As gemeente wolle wy graach in libjende binnenstêd ha, dêr heart ek in merk by. In goeie en ferskate merk heart by Snits en dy moat ek de romte krije."

Sa wurdt der ûnder oaren wurke oan it oanlûken fan in nije merkmaster. Ek wol Dam graach kontakt mei de merkkeaplju ha: "Ik wol oproppe sa gau as mooglik yn petear te gean."

Wethâlder Bauke Dam

(Advertinsje)
(Advertinsje)