Judoka Vermeer fan Stiens wint brûns by de Masters yn Katar

12 jan 2021 - 18:40

Judoka Sanne Vermeer fan Stiens hat by de Masters yn Katar brûns wûn yn de klasse oant 63 kg. It is har earste medalje op in Masters-toernoai. It giet om in wichtich judotoernoai yn de oanrin nei de Olympyske Spelen.

Sanne Vermeer yn 2019 - Foto: Orange Pictures

De Nederlânske nûmer 21 fan de wrâld helle de heale finalen yn Katar, mar dêryn waard sy útskeakele troch de Japanske Nami Nabekura. Vermeer wûn yn de striid om it brûns fan Anriquelis Barrios fan Fenezuëla. De 22-jierrige Vermeer smiet Barrios op 'e side en makke der mei in hâldgreep in ippon fan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)