Omwenners supermerk Hollum wolle parkearterrein ticht nei winkeltiden

12 jan 2021 - 18:27

Minsken dy't om it parkearterrein hinne wenje fan de Coop supermerk yn Hollum op It Amelân, wolle dat it terrein ôfsletten wurdt as de winkel ticht giet. Want sy hawwe lêst fan de koplampen fan auto's dy't by harren yn de keamer skine. Dat wie tiisdei de ynset fan in saak by de Ried fan Steat.

Alder byld fan it terrein - Foto: Google Street View

Der hie in hage om it parkearplake hinne komme sillen, dy't it probleem foarkomme soe, mar de hage dy't der no stiet is te leech, sizze de omwenners. De eigener seit dat de hage noch groeie moat en dat it probleem dan wol oplost wurdt. It parkearplak by de Coop hat faker oan de oarder west by de Ried fan Steat. Omwenners wiene der op tsjin, omdat der huzen foar sloopt wurde moatten. De Ried fan Steat hat dy beswieren ôfwiisd.

De útspraak fan de Ried fan Steat folget oer in pear wiken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)