Pyt Kramer syn wurken oer Sealterfrysk online te riedplachtsjen

Pyt Kramer út Mildaam helpt de Sealterfriezen yn Dútslân mei it tagonkliker meitsjen fan harren taal. Kramer is al jierren yn de ban fan it Sealterfrysk. Hy is ek eareboarger fan Saterland dêr't noch mar in pear hûndert minsken Sealterfrysk prate. Al Kramer wurken oer dizze taal stean no op de webside seeltersk.de.
© seeltersk.de
It Sealterfrysk is in oare Fryske taal, fertelt Kramer. Der binne grutte ferskilllen, mar ek wurden dêr't jo jo as Westerlauwersfries wol wat by foarstelle kinne. As foarbyld neamt er in pear wurden: turf is eed, sizze is kweede, tongerje is grommelje en wjerljocht is lai.
Kramer kaam foar it earst yn Sealterlân tegearre mei Sikke Doting silliger. De manlju hiene doe al niget oan it Noardfrysk, ek yn Dútslân.
"Dat wy op de fyts nei Sealterlân ta. En wy koene hast gjin Dútsk. De minsken dêr binne o sa gastfrij en se hawwe gefoel foar humor." Kramer begûn mei it fêstlizzen fan it Sealterfrysk mei oersettings yn it Westerlauwersk Frysk - sis mar: ús Frysk - om it tagonkliker te meitsjen en te bewarjen foar it neigeslacht.
© Kening Aldgilles
Taalsaakkundige Henk Wolf dy't no ek yn Sealterlân wurket hat derfoar soarge dat Kramer syn wurdlisten, grammatika, koartsein al syn praktyske dokuminten, digitaliserre binne en no online stean.
Tsjintwurdich wurdt dan wol net folle Sealterfrysk mear praat, mar de taalhâlding hat ek wolris negativer west. Kramer: "Yn de jieren '80 seine se op de skoallen dat de minsken gjin Sealtersk mear tsjin de bern prate moasten. Der is no safolle feroare. Der binne no minsken dy't lesjouwe yn it Sealtersk en der is wol ynteresse foar de taal."
Kramer fynt it moai dat hy ek wer minsken ynspirearje kin. En "as minsken der entûsjast foar binne, bin ik entûsjast mei harren. Sa moatte jo libje."
Pyt Kramer oer it Sealterfrysk