Buma: "Ferlinging lockdown ek nedich fanwege Britske coronafariant"

12 jan 2021 - 17:38

Foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân him him wol fine yn it plan fan in langere lockdown. "Als je de cijfers ziet, denk ik dat iedereen wel begrijpt dat het helaas de vroeg is om de lockdown al op te heffen." It hat foar him ek te krijen mei de noed oer de Britske fariant fan it firus. "Dat is een heel groot risico, in Engeland en met name in Ierland is het veel erger. Dat is een van de redenen waarom een voortzetting van de lockdown echt nodig is."

Foto: Omrop Fryslân

"We moeten nog wel afwachten wat de persconferentie precies zal uitwijzen," seit Buma mei klam. "De berichten die nu naar buiten komen gaan over een verlenging van de lockdown." Dat is dus mei de Britske fariant wol nedich, fynt er. "Want in landen waar de lockdown versoepeld is, heeft het virus zich ook gigantisch verspreid. Dat moeten we voorkomen."

Ien gefal bekend

Mei de jierwiksel waard bekend dat de GGD ien besmetting mei dy fariant oantroffen hat yn ús provinsje. "Er is één geval bevestigd in Fryslân en er worden naar aanleiding daarvan nog een aantal gevallen onderzocht, maar daar is nog geen antwoord op. Dat moet eerst zeker zijn voor we meer weten," fertelt Buma.

Oft der in jûnsklok komme moat, dêr wol Buma him net al te folle oer út litte. "Ik vind het heel moeilijk te voorspellen, omdat het af hangt van het advies van het OMT. Ik heb geen idee wat zij als deskundigen adviseren over een avondklok. Het is nogal wat, dus als je het in zou voeren moet het wel echt helpen."

"De inkeling ropt it hurdst"

Sa'n acht op de tsien Nederlanners kin him wol fine yn de ferlinging fan de lockdown, dat die bliken út ûndersyk. "Ik geloof dat dit het algemene gevoel is," seit Buma. "Acht op de tien Nederlanders die het steunt, daar kan ik me wel in herkennen. Het is een enkeling die zich er niet aan houdt, maar die is vaak wel luidruchtig en zichtbaar. Maar de overgrote meerderheid van de Nederlanders houdt zich er aan. Zelfs die kleine overschrijdingen van te dicht bij elkaar zijn of onnodige bewegingen maken dat het nog steeds onvoldoende daalt. We moeten alles op alles zetten om die besmettingen terug te dringen."

Foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân

Ynwenners oer de ferlinging

Sa'n 79 persint fan de Nederlanners fynt de ferlinging dus akseptabel. Dat komt wol oerien mei de algemiene stipe fan ynstusken 72 persint foar it coronabelied fan it kabinet. Fan guon minsken (61 persint) soe it sels noch wol wat stranger meie. Dêrtsjinoer stiet in stabile groep fan sa'n 16 persint fan de befolking dy't fynt dat de maatregels losser moatte of hielendal loslitten wurde moatte.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw gie de strjitte op en frege minsken oft sy noch perspektyf sjogge mei de ferlinging fan de lockdown:

voxpop lockdown

(Advertinsje)
(Advertinsje)