Takom wike ôfskied Joop Mulder
Joop Mulder wurdt takom wike tiisdei yn lytse rûnte kremearre. De 67-jierrige oprjochter fan it festival Oerol op Skylge ferstoar ôfrûne wykein ûnferwachts.
Op it eilân en yn de kulturele wrâld is ferslein regearre op dit nijs. Der wurdt noch sjoen nei mooglikheden om al dizze minsken in kâns te jaan Mulder op in passende en feilige wize de lêste eare bewize litte te kinnen.