Beautysektor hat in soad skea troch langere lockdown "Wêr moat ik fan libje?"

12 jan 2021 - 16:22

De lockdown fan no duorret no hast in moanne. It kabinet beslút tiisdeitejûn offisjeel oer ferlinging fan de strange coronamaatregels nei 19 jannewaris. It is lykwols sa goed as wis dat dy ferlinging der komt.

Gefolgen fan langere lockdown grut foar beautysektor

Dat bestjut dat de lockdown sa't wy dy no hawwe, bliuwt: trije wiken langer thúswurkje en net-essinsjele winkels bliuwe ticht. Oft skoallen de doarren foar alle learlingen wol earder iependwaan meie, is noch net dúdlik. De langere lockdown hat ek grutte gefolgen foar kapperssaken en beautysalons.

Se meitsje alle ûndernimmers stikken.

Dirkje Paulusma-de Vries fan Dirkje's Haircare yn Dokkum

"Ik begryp de lockdown net", sa seit Dirkje Paulusma-de Vries fan Dirkje's Haircare yn Dokkum. "Se meitsje alle ûndernimmers stikken. Ik fal bûten alle finansjele kompensaasje om't myn man ynkommen hat. Mar ik kom oer in moanne wol yn de finansjele problemen."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Ek Gerda Mintjes fan salon Pure Skin yn Snits is lilk. "Myn saak sil it wol oerlibje, mar it kostet my in soad sparjild. As alles daliks foarby is, bin ik noch lang dwaande om alle rekkeningen te beteljen en bliuwt der dus neat oer om fan te libjen."

Mooglik dat it kabinet wol mei ekstra finansjele stipe komt. "Ik meitsje oant no ta noch gjin oanspraak op de TOZO-regeling, om't ik twa wiken omset makke haw. Ik fyn dat nuver."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

"Ik hoopje dat de finansjele stipe útwreide wurdt. Dit is te gek wurden. Ik skat dat ik in omsetferlies haw fan 20.000 euro," sa seit Hilda Visser. Sy hat in beautysalon yn Drylts.

Visser wurket oan hûs en kin dêrtroch gjin berop dwaan op de TVL (Tegemoetkoming Vaste Lasten). "Hie ik der mar net foar kieze moatten om in salon oan hûs te nimmen", sa seit se sels. "Mar wêr moat ik fan libje? It is in hiel grut probleem foar de folsleine sektor," beslút Visser.

(Advertinsje)
(Advertinsje)