Operaasje Fryske Flagge: Albert Lindeboom wennet yn Súd-Afrika flakby de noashoarnen

12 jan 2021 - 16:17

Fan alle lannen op de ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. "We hawwe de flagge hjir gewoan hingjen, dat is toch jo roots, wêr't je weikomme", fertelt Albert Lindeboom, dy't yn Súd-Afrika wennet.

Foto: Omrop Fryslân

Foar't Albert en syn frou Cisca van Asperen nei Súd-Afrika ta ferhuzen, hiene se der al twa kear op fakânsje west. Dochs kaam it idee om nei it lân ta te ferhúzjen net fan harren sels, mar fan in kunde. "Dy frege, 'is dat net wat foar jim, om nei Súd-Afrika te kommen?' Wy hawwe der in skoftke oer praat. Uteinlik hawwe wy de 'stoute skuon' oandien en binne wy hjir hinne gien."

Mei trije kofferkes nei Súd-Afrika

Se binne yn 2013 mei mar trije kofferkes nei it Afrikaanske lân ta gien, en Albert hat noch altyd gjin spyt fan dy kar. "Wy fine it hjir prachtich. It is in moaie omjouwing, wy wenje tusken de parken en by de oseaan", sa fertelt er. "Ien fa de grutste parken is hjir tichtby, dêr sitte in protte noashoarnen yn, en de big five, dat leit hjir krekt efkes fan ôf. It is hjir gewoan in geweldich plak."

Stiens, dêr't Albert wei komt, is hy lykwols net ferjitten. "It is it plak dêr't je altyd wenne hawwe, en de famylje en freonen wenje der noch. Dat plak bliuwt altyd yn je hert." De reaksje fan de freonen en famylje wiene dan ek net hiel posityf, doe't Albert de plannen om nei Súd-Afrika te gean dielde.

'Do kinst de Stienzer toer net ferjitte'

"In soad famyljeleden seinen 'jim hawwe hjir alles, en jim wenje hjir moai, je dogge en kinne hjir alles'. Mar ja, sei ik, dêr leit ek wer in moai plak. Se koene it harren eins net foarstelle en begripe. Se hawwe yntusken aldergeloks allegear in pear kear del west. Sy begripe allegear no wêrom't wy hjir hinne gien binne."

"Der wiene ek freonen en famylje dy't seinen 'do kinst de Stienzer toer net ferjitte, dy moatsto wol eltse dei sjen'", giet Albert fierder. "Dat kloppe yn dy tiid ek wol. Ik haw 'm hjir op in foto yn 'e hûs hingjen, dus ik sjoch 'm eltse moarn ek noch wol."

De Fryske flagge hat dan ek in prominint plak yn harren guesthouse. "As gasten by ús nei binnen komme, dan komme se fuortendaalks by in kast dêr't de Fryske flagge yn hinget", fertelt Albert. "In stel Fryske klompen stean deryn, in Frysk hynder. In swart-wite ko, en ek de telegraaf fan it keatsen. As minsken freegje wêr't wy wei komme, dan sizze wy altyd dat wy út Fryslân komme. We hawwe de flagge hjir gewoan hingjen, dat is dochs jo roots, wêr't je weikomme."

Swiere maatregels

In soad gasten binne der lykwols net op it stuit. "Wy spylje mear op de ynternasjonale merk, al sûnt begjin maart hawwe wy gjin gasten mear hân. Wy wiene doe fuort yn in swiere lockdown." Dêr't de diskusje yn Nederlân op it stuit oer it wol as net ynfieren fan in jûnsklok giet, is Albert dêr al oan wend. "Juster is de lockdown wer wat oanskerpe. It is hjir al mear oanskerpe as yn Europa. De drankwinkels binne ticht, wy moatte oeral de mûlkapkes foar en der is in nachtklok, fan njoggen oere jûns oant fiif oere moarns meist net de strjitte op."

Mar, Albert bliuwt posityf: "Wy hawwe altyd goed draaid, wy hiene altyd in goeie besetting. Wy hawwe, as Nederlanners fansels, altyd goed sparre. Wy ûnderhâlde ússels en ús stêf, en dat kin aldergeloks noch hieltyd."

Operaasje Fryske Flagge: Albert Lindeboom

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 190 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)