Hast 1.200 Fryske sikehûsmeiwurkers faksinearre

Der binne hast 1.200 meiwurkers fan de Fryske sikehuzen faksinearre ferline wike. Dit binne der 200 mear as earst tocht waard. It ferskil komt trochdat de sikehûzen mear spuiten klearmeitsje koene mei ien fleske faksin.
De earste faksinaasje yn it MCL © Omrop Fryslân
Earst wie it útgongpunt dat der fiif spuiten út ien fleske faksin helle wurde koene, mar it die bliken dat der genôch faksin wie foar seis spuiten.
Hjirtroch is by Antonius, Tjongerschans en Nij Smellinghe mear soarchpersoniel yninte. It MCL hat gjin ekstra minsken faksinearre, mar in part weromstjoerd nei it Regionaal Overleg Acute Zorgketen (ROAZ).
Ek sikehûs Nij Smellinghe jout oan noch ekstra spuiten oer te hawwen en dit oan in oar sikehûs jûn te hawwen.

Oantal faksins foar elts sikehûs

MCL (Ljouwert) hast 400
Antonius (Snits) 310
Nij Smelinghe (Drachten) 250
Tjongerschans (It Hearrenfean) 232