HEA! Roel hâldt de buert skjin!
Hy fynt it noch altyd prachtich wurk. Alle dagen wer faget Roel Postma de strjitten yn syn buert skjin. Fan it parkearplak fan de supermerk oan de oprit fan buorfrou. Neat is him tefolle. Hy fynt dat it nedich is, mar it is ek syn wille en tier en Roel is no ien kear net in stilsitter.