Sonken aak út Langwarder Wielen opromme troch skipfeartynspeksje

12 jan 2021 - 15:48

Aak De Pijlstaart út 1919 is troch de provinsje fan de boaium helle fan de Langwarder Wielen. Op Twitter meldt de ynspeksje foar de skipfeart yn Fryslân dat it skip 'opromme' is yn it ramt fan de wrakkewet. Neffens dy wet meie ryksoerheden boaten en skippen dy't sonken binne, romje.

Foto: InspScheepvaartFrysl (Twitter)

De Pijlstaart is net in gebrûklike aak. It waard boud yn 1919 fan teakhout, wylst de measte skippen doe fan ikehout makke waarden. It probleem mei teakhout is dat it net sa maklik te bûgjen is. Dêrtroch krige De Pijlstaart rjochtere linen as gewoanwei it gefal is by aken. Yn 1990 waard it skip tsjin it sin fan de Stichting Stamboek Ronde en Platbodemjachten dochs ynskreaun yn it stamboek, op grûn fan in wedstriiddokumint út 1925 fan de Koninklijke Roei- en Zeilvereniging De Maas. Dêryn wurdt De Pijlstaart al of net terjochte in 'Lemsteraak' neamd.

It skip hat lang yn de Noarderhaven yn Harns lein. Dizze simmer lei De Pijlstaart yn de Langwarder Wielen op in ûndjip plak. Heal sonken en oerlitten oan de eleminten, sa't dat eartiids wol faker dien waard mei âlde houten botters. Fiskers lieten dy efterop in 'skipstsjerkhôf' njonken de haven, en it skip fergie. Hjoed-de-dei mei dat net mear.

De Pijlstaart fan 't simmer op de Langwarder Wielen - Foto: Dirk Huizinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)