159 nije besmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 159 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 36 minder as moandei, doe't 195 gefallen meld waarden.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (28), dêrnei folgje Ljouwert, Smellingerlân en Hearrenfean mei elts 18 besmettingen.

Acht nije stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 8 nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om ynwenners fan Súdwest-Fryslân, Opsterlân, Ljouwert (alle trije twa persoanen) en Achtkarspelen en Waadhoeke (elts ien stjergefal)
Der binne gjin nije pasjinten yn it sikehûs opnommen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.