Oanspield libjend seehynderke It Amelân opfongen yn Natuurcentrum Nes

12 jan 2021 - 15:14

Op It Amelân is ôfrûne wykein in libjend seehynderke fûn. In eilanner ûntduts it bysûndere bistje en skeakele it ReddingsTeam Zeedieren yn dy't mei in diere-ambulânse oanriden kaam. It seehynderke koe net wer útset wurde yn de Noardsee.

It seehynderke dat fûn is op It Amelân - Foto: Amelander Musea

It seehynderke is no ûnderbrocht yn it Natuurcentrum yn Nes. Dêr sit it yn in bassin mei oare seehynderkes.

It wurdt dêr goed yn de gaten hâlden. It liket op it stuit goed te gean mei it seehynderke, mar it is ôfwachtsjen oft it bist it aventoer oerlibbet. Neffens de lêste berjochten sit it rêstich ferskûle tusken it seewier.

Direkteur William Beijaard fan it Natuurcentrum Ameland

(Advertinsje)
(Advertinsje)