Fersekerders jouwe Thialf mear tiid foar oplossing sinnepanielekwestje

12 jan 2021 - 15:06

Thialf hat útstel krigen fan de fersekerders yn de kwestje fan de sinnepanielen op it dak. Dy binne yn kombinaasje mei it keazen isolaasjemateriaal net brânfeilich. It iisstadion op It Hearrenfean hat it no oant 1 juny oan tiid om ta in definitive oplossing te kommen.

De sinnepanielen moasten ferline jier juny útset wurde, oars wie Thialf net mear fersekere. It gefaar sit him yn de kombinaasje mei it isolaasjemateriaal yn it dak. Der soe brân ûntstean kinne.

Coating kostet sa'n 1 miljoen euro

Der is no yn desimber in proef útfierd mei in nije toplaach mei brânkearende kwaliteiten. De earste resultaten fan dy proef binne posityf, sa litte de belutsen partijen witte, mar der moat noch mear ûndersyk komme. As de coating in oplossing is foar Thialf, dan soe dat ek in oplossing foar oare grutte gebouwen mei sinnepanielen wêze kinne. It brânfeilich meitsjen fan it dak fan Thialf mei in nije coating freget wol in grutte ynvestearring en kostet sa'n miljoen euro.

Thialf-direkteur Marc Winters

Fjouwer moannen útstel

De kwestje soe earst uterlik op 1 febrewaris útiten wêze moatte. Dat wurdt no 1 juny. Troch it útskeakeljen fan de sinnepanielen is Thialf oant 3 ton mear kwyt oan enerzjykosten.

Deputearre Sander de Rouwe

Yn de yn opdracht fan de provinsje makke risiko-analyze oer Thialf fan it buro Burghgraef Van Tiel & Partners steane njonken mooglike oplossings ek in stikmannich krityske opmerkings oer de 5.000 sinnepanielen op it dak fan Thialf. Neffens it rapport fertoant de sinnestroomynstallaasje "meerdere ernstige gebreken", dy't als gefolch dêrfan in "verhoogd brandrisico" opleverje. Sa soene guon panielen net neffens de montaazje-foarskriften fan de leveransier pleatst wêze en soene ek guon kabels op it dak los lizze.

De sinne-ynstallaasje foldocht ek net oan de NEN-noarmen dy't in soad brûkt wurde yn de bou en ynstallaasjesektor. Boppedat soe by de kar foar it isolaasjemateriaal net spesifyk sjoen wêze nei de brântechnyske eigenskippen fan de ferskate isolaasjeprodukten.

Krekt dêr is de fersekering fan Thialf oer stroffele, want dy beoardielet it keazen materiaal as 'zeer brandbaar en zeer snel smeltend'. "Een dakbrand zal zich onder andere door de brandbare isolatie snel kunnen verspreiden over het gehele dakvlak."

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens
De parsekonferinsje oer Thialf yn it provinsjehûs - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(Advertinsje)
(Advertinsje)