Unienichheid oer giel snellaadstasjon yn Weststellingwerf

Ferskate fraksjes yn de ried fan Weststellingwerf hawwe it hân mei wolstânskommisje Hûs en Hiem. Dy kommisje hie kommentaar op it ûntwerp fan it snellaadstasjon foar elektryske auto's by it tankstasjon Dorpshellen oan de westkant fan de A32.
It gemeentehûs fan Weststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Hûs en Hiem fynt dat de felle giele kleur fan it tankstasjon net yn it iepen lânskip past. De fraksjes fan GrienLinks en D66 fine dat it nergens oer giet. Sy wolle prate oer de rol fan de wolstânskommisje. Wethâlder Hanneke Zonderland wol dat wol, mar dan yn provinsjaal ferbân, omdat alle gemeenten wurkje mei Hûs en Hiem. Sy wol der as Weststellingwerf net sa mar allinne útstappe.