Drachtster oanhâlden yn grut lanlik ûndersyk nei wapenhannel

In man út Drachten is oanholden yn ferbân mei grutskalige fjoerwapenhannel. De plysje hold, ferspraat oer it lân, noch sechstjin oare manlju oan.
In pistoal © Shutterstock.com
De saak kaam yn jannewaris 2020 oan it rôljen doe't ferline jier jannewaris trije minsken oanholden waarden. Op de yn beslach nommen telefoans waarden ûnder oare chatberjochten oantroffen oer de oanskaf fan wapens en munysje. De resjerzje starte dêrnei in grut ûndersyk.
Dat ûndersyk late nei in 35-jierrige wapenhanneler fan Amersfoort. Plysjespesjalisten kochten munysje en in masinegewear by de man. Doe't syn wente trochsocht waard, fûn de plysje telefoans. Ut berjochten dêryn kamen noch fiif fertochten nei foaren.

Alarmpistoalen omboud

Ien fan de fertochten fierde op grutte skaal alarmpistoalen yn út it bûtenlân, dy't dêrnei omboud waarden ta echte pistoalen. In oantal oare manlju wurdt derfan fertocht dat se oankochte fjoerwapens trochferkochten.
Yn totaal binne der santjin minsken oanhâlden. Wêr't de Drachtster krekt fan fertocht wurdt, is net dúdlik.
Der hawwe der fyftjin trochsikings west. Dêrby binne 29 fjoerwapens en twa automatyske fjoerwapens en 40.000 euro oan kontanten oantroffen. Ek fûn de plysje ferdôvjende middels en tsien smartphones.