Swurdfisken en withoe hege weagen, mar de roeifroulju binne op koers foar winst

In rûge see en hege weagen soargje foar in grutte útdaging foar de Fryske roeifroulju fan the Atlantic Dutchesses. Nettsjinsteande binne de froulju op koers om de winst yn harren klasse binnen te heljen. De fjouwer froulju dogge mei oan in roeirace fan 5.000 kilometer oer de Atlantyske Oseaan: The Talisker Whisky Atlantic Challenge.
© Iris Noordzij
As wy op tiisdeitemoarn belje mei de froulju hawwe se krekt in drege nacht achter de rêch. "It is in wylde see, mei in soad golven dy't fan in soad kanten op ús ôfkomme", sa fertelt Iris Noordzij, fan Raerd. Sy is ien fan de trije Friezen oan board. Yn de nacht is der in soad wetter op it dek fan de boat kaam, hjirby siet ek in soad reinwetter by. "Der is gjin drûge tried mear oan it liif." Mar nettsjinsteande de minne nacht, bliuwe de froulju optein. "Oer it algemien giet it hartstikke bêst, wy binne allegearre noch sûn en wy hawwe der allegearre nocht oan."
De roeisters binne al oer de helte fan harren meunsterrace. In wiere útputtingsslach, al falt it yn guon opsichten noch ta. "It is tolve oeren roeie op in dei, en yn it begjin tinkst wol by dysels, kin in lichem dit oan?" Mar it docht bliken dat dit kin. "Wy hawwe gjin spierpine mear." Wol hawwe de froulju lêst fan blauwe plakken.

Striid om de winst

De roeitocht is in wedstriid, en de Atlantic Dutchesses stride op dit stuit benammen mei in manljusboat: For a Fitter Planet út Ingelân. De boaten binne al langere tiid yn in nek-oan-nek-race ferwikkele. De iene kear lizze de froulju foar, de oare kear de manlju. "Wy hawwe se juster ynhelle, en wy binne fan doel om harren achter ús te litten. Der binne sels yn de organisaasje weddenskippen oft wy winne sille fan de manlju of net."

Hiel hege weagen

De fjouwer froulju binne yn harren boat folslein allinnich, en moatte mei har fjouweren de útdagingen oangean. Benammen de weagen soargje noch wolris foar ymponearjende mominten. "De golven kinne wol sa heech wêze as in hûs. Golven fan sân of acht meter hawwe wy wol hân, miskien wol heger." De roeisters binne lykwols net benaud, neffens harren is it in kwestje fan op tiid de kabine yn gean, en it doarke ticht dwaan.
Dêrnjonken is de nachttiid in drege put: "Wy sjogge oerdei de loften en wolken, mar somtiden yn de nacht sjogge wy hielendal neat. Der is gjin moanne, en je witte net wêr't it wetter einiget en de loft begjint. Dus dan is it in bytsje op de gok roeie."
Twa oare dielnimmers oan de wedstriid hawwe te krijen hân mei oanfallen fan swurdfisken, Noordzij is dêr lykwols net echt benaud foar, al makket it wol yndruk. "It binne der no fjouwer boaten yn acht jier (dy't oanfallen binne), en dêrfoar hawwe wy ek reparaasjesets mei." En der is stipe fan de organisaasje mocht it echt misgean.

Op koers

De Atlantic Dutchesses hiene by it begjin fan de race twa doelen: in wrâldrekôr roeie en earste wurde by de froulju. It rekôr sit der spitigernôch net mear yn, benammen fanwege in hurde wyn. Mar it twadde doel leit noch hieltyd yn de mooglikheden. Se ferwachtsje op de 22ste as de 23ste oan te kommen yn Antigua en Barbuda yn West-Indië.
Harkje hjir nei it folsleine petear mei roeister Noordzij