Haadfertochte wapenhannelsaak Easterwâlde bliuwt foarearst fêstsitten

De man dy't troch it Iepenbier Ministearje sjoen wurdt as haadfertochte yn de wapenhannelsaak fan Easterwâlde, bliuwt foarearst fêstsitten. Hy hie frege oft hy it proses yn frijheid ôfwachtsje mocht, mar de rjochtbank hat dat fersyk ôfwiisd.
Rjochter © Shutterstock.com
De saak giet om ynternasjonale wapenhannel en ynternasjonale drugshannel. Wapens kamen út East-Europa en waarden yn Nederlân en België ferhannele. Justysje die ein febrewaris op 17 plakken ynfallen yn Noard-Nederlân. By de sykaksjes fûn de plysje ûnder oare kalasjnikovs, mar ek oare swiere wapens en drugs. It haadkantoar wie de kringloopwinkel yn it sintrum fan Easterwâlde. Der waarden yn totaal tsien fertochten oanhâlden.
De haadfertochte seit sels dat syn rol lyts wie, sa fertelt ferslachjouwer Auke Zeldenrust, dy't foar Omrop Fryslân oanwêzich wie by de sitting. De haadfertochte seit syn frou en bern te missen, en wol graach frijlitten wurde yn ôfwachting fan it proses. Neffens de haadfertochte soe it Iepenbier Ministearje lêst hawwe fan tunnelfisy: se woene him graach hawwe en dêrom soe hy oppakt wêze.

Strikte betingsten

Foar it frijlitten fan de fertochten yn ôfwachting fan it proses wurdt sjoen nei de rol dy't de fertochte spile hawwe soe en hoe grut de kâns op werhelling is.
Sa meie fiif fan de fertochten dy't tiisdei oant no ta heard binne harren proses yn frijheid, ûnder strikte betingsten, ôfwachtsje. Dy betingsten binne ûnder oare dat se altyd beskikber wêze moatte foar de plysje, gjin oare strafbere feiten begean meie en se meie gjin kontakt opnimme mei de meifertochten. De man dy't tegearre mei de haadfertochte de kringloopwinkel hierde mei ek yn frijheid it proses ôfwachtsje. Hy mei ek gjin alkohol of drugs brûke.
De fertochte dy't út Servië komt en ek frij kommen is, giet werom nei Servië. Foar de ynhâldlike behanneling moat hy werom komme.

Ynhâldlike behanneling nei alle gedachten yn maaie of juny

It sjocht der nei út dat de saak ynhâldlik yn maaie of juny behannele wurde sil. De folgjende sitting fan de rjochtsaak is al yn april, mar de kâns dat de saak dan ynhâldlik behannele wurdt, is net sa grut. Sa stiet de datum foar dy sitting noch net fêst, wurde der yn jannewaris en febrewaris noch tsjûgen heard en is it boppedat in hiel tsjok dossier dat noch trochwraksele wurde moat.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer de pro-formasaak