CNV wol kalamiteitefûns foar wurkjende âlden dy't yn 'e knipe komme

Fakbûn CNV wol in kalamiteitefûns om wurkjenden troch de coronakrisis te helpen. Benammen in soad âlden sitte nammentlik folslein klem tusken wurk en privee, meldt it fakbûn op basis fan in ynventarisaasje. Mei in kalamiteitefûns soene wurknimmers ekstra ferlof opnimme kinne, om sa thús bliuwe te kinnen foar de bern.
skoalleboerd © Shutterstock.com
"Benammen thúswurkjende âlden sjogge it net mear sitten troch it sluten fan de skoallen en bernedeiferbliuwen", seit CNV-foarsitter Piet Fortuin. "Wurkjend Nederlân hat mear lucht nedich om hjir goed trochhinne te kommen."
Neffens Fortuin komme de measte wurkjouwers en wurknimmers tegearre ta in oplossing, mar is der ek in groep dêr't dat net by slagget. "Foar dy groep moat de oerheid no oer de brêge komme. Wurkjouwers moatte ûnderbouwe wêrom't harren wurknimmer ekstra ferlof nedich hat en krijt de kosten dêrmei fergoede", seit de foarsitter.
Neffens CNV is der no al in histoarysk heech syktefersom, dat allinnich mar fierder oprinne sil as der neat feroaret. "De ynvestearring dy't de oerheid no dwaan moat, is leger as de kosten foar it oprinnende fersom", stelt Fortuin.
Piet Fortuin fan fakbûn CNV