FNP Ljouwert wol stroom út ierdwaarmte op gruttere skaal tapasse

12 jan 2021 - 12:25

De gemeente Ljouwert lit yn de plannen foar nije enerzjyfoarsjenningen wichtige dingen lizze. Dat fynt de FNP. Yn de Enerzjy Aginda Gemeente Ljouwert wurdt inkeld praat oer in syktocht nei ierdwaarmte foar it MCL en bedriuwen. Der moat ûndersyk komme nei it opwekken fan stroom út ierdwaarmte. Dan binne wynmûnen en sinnepanielen oerstallich.

Geotermy - Foto: Creative Commons Wikimedia

De plannen, gearfette yn de Enerzjy Aginda Gemeente Ljouwert, wurde kommende wike presintearre troch it kolleezje fan B. en W. Dêr stiet yn dat de opkomst fan ierdwaarmte bepalend is. Mar it giet dan allinnich oer in syktocht nei ierdwaarmte foar sikehûs MCL en in tal bedriuwen, skriuwt de FNP.

De partij hat earder in moasje yntsjinne mei it fersyk oan it kolleezje om ûndersyk te dwaan nei de helberens fan it opwekken fan waarmte en elektrisiteit mei ierdwaarmte op ultradjipte. Dy waard troch de ried oannaam.

Wynmûnen oerstallich

Oer it opwekken fan elektrisiteit út ierdwaarmte wurdt yn de hiele 'Energie Agenda' net praat, neffens de FNP. In hiele grutte misser, fynt de partij. Troch wol elektrisiteit út djippe ierdwaarmte te heljen binne tige hege wynmûnen yn it Fryske lânskip oerstallich.

Weromleverjen oan it net problematysk

"Der lizze op dit stuit in hiele protte oanfragen fan ûndernimmers, mar ek partikulieren dy't al hiel lang hiel graach sinnepanielen op harren bedriuw, pleats, lisboksstâl of wenhûs hawwe wolle. Mar de ynfrastruktuer om enerzjy werom leverje te kinnen is yn de gemeente Ljouwert en benammen yn de bûtengebieten noch lang net op oarder", sa skriuwt de FNP.

(Advertinsje)
(Advertinsje)