Skiermûntseach en It Amelân beheare CO2-fûns Wagenborg

Rederij Wagenborg hat in CO2-kompensaasjefûns yn it libben roppen om de útstjit fan it reizgjen mei de feartsjinst te kompensearjen. De rederij stekt minstens 30.000 euro yn it jier yn it fûns. Eilanners kinne yn jannewaris foarstellen yntsjinje foar projekten dy't út it fûns finansiere wurde kinne. De doarpsbelangen beoardielje de projekten.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Wagenborg wol in part fan syn CO2-útstjit kompensearje troch bygelyks beammen te plantsjen of troch strukturele enerzjybesparring op oare plakken. Passazjiers fan de feartsjinst kinne in frijwillige taslach betelje boppe-op de priis fan harren ticket, om dêrmei de útstjit fan harren oertocht te kompensearjen.

Oerienkomst

Wagenborg Passagiersdiensten, de gemeente Skiermûntseach en de gemeente Amelân hawwe yn de rin fan 2020 in oerienkomst sletten oer it CO2-kompensaasjefûns. Se hawwe ôfpraat dat Wagenborg de taslaggen sammelet en garant stiet foar in budzjet fan minstens 30.000 euro yn it jier.
Eilanners kinne projekten yntsjinje dy't foar in bydrage út it fûns yn oanmerking komme. De gemeenten fersoargje de administraasje fan de yntsjinne foarstellen. In ûnôfhinklike kommisje fan bestjoersleden fan de doarpsbelangen op beide eilannen beoardielet ien kear yn it jier de yntsjinne projekten.

Beoardielingskommisje

Dit jier kinne de foarstellen foar in bydrage út it CO2-kompensaasjefûns yntsjinne wurde fan 13 jannewaris oant 1 febrewaris, fia de websiden fan de gemeenten en fan Wagenborg.
De beoardielingskommisje sjocht ûnder oare nei de CO2-reduksje, de kosten, de mjitte fan ynnovaasje, de rintiid, it draachflak ûnder de befolking, de sichtberens fan it projekt, de helberens en de risiko's. De takennings wurde uterlik 1 april 2021 bekendmakke oan de oanfregers.
Direkteur Ger van Langen fan Wagenborg