Flinke skea by ûngelok op A7 by Tsjalbert

Op de A7 fan Drachten rjochting It Hearrenfean is tiisdeitemoarn in ûngelok bard tusken twa auto's. It ûngelok barde op 'e hichte fan Tsjalbert. De twa auto's rekken flink skansearre.
© ProNews
Ien rydstripe is fanwegen it ûngelok tydlik ôfsletten. Ien persoan is yn 'e ambulânse kontrolearre op eventuele ferwûnings. Hoe't it ûngelok barre koe en oft der ien nei it sikehûs ôffierd is, is net dúdlik.
Automobilisten út 'e rjochting fan Drachten moatte rekken hâlde mei lichte fertraging. In berger fiert de twa skeinde auto's ôf.