Problemen oplost, alles docht it wer by hackte bedriuwen

Alle bedriuwen dy't moandei lêst hiene fan in oanfal op harren kompjûtersystemen hawwe de saak wer op de rit. Automatisearringsbedriuw Accent waard yn it wykein oanfallen troch hackers. De bedriuwen dêr't it Snitser bedriuw de ICT foar fersoarget, hiene dêr slim lêst fan.
© Shutterstock
Sa hie ynstallaasjebedriuw Damstra yn Driezum bygelyks gjin tagong mear ta de aginda. It wie doe net mear dúdlik wie wêr't monteurs hinne moasten foar in put.
De systemen koene moandei yn de rin fan de dei wer opstart wurde. Op dit stuit wurket alles wer. Direkteur Behage fan Accent wit noch net hoe grut oft de skea is en wa't der achter de oanfal siet. Net allinnich syn bedriuw waard troffen, ek oare bedriuwen hawwe der lêst fan hân, neffens Behage.