Boarmasine fersteurt behanneling wapenhannelsaak Easterwâlde; rjochter lilk

In boarmasine hat tiisdeitemoarn de pro-formasitting yn de Ljouwerter rjochtbank oer wapenhannel yn Easterwâlde fersteurd. De 35-jierrige haadfertochte dy't foarkomme moast, die dat fia in fideoferbining yn syn sel yn de finzenis fan Hoogvliet by Rotterdam. Op de eftergrûn waard der lykwols mei in boarmasine wurke, wêrtroch't de offisier fan justysje en de advokaat net mear te ferstean wiene.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Rjochter Cees Post wie poer. "Dit is een megaproces. Er hebben zoveel mensen hard gewerkt aan de voorbereiding. Er wordt nu gestopt met boren", sa sei de rjochter.
Doe't de wurksumens doch trochgiene, socht de rjochtbank kontakt mei de finzenis yn Hoogvliet. De wurksumens waarden stillein, wêrnei't it proses fierder gie. De fertochte wie sels fernuvere. "Er wordt hier nooit geboord. En precies op dit moment wel. Dat is heel gek", sei hy út syn sel wei.
Yn de grutte wapenhannelsaak moatte tiisdei fjirtjin fertochten foarkomme. It giet om in pro-formasaak. De haadfertochte liet by in eardere sitting ferstek gean om't er 'gjin sin' hie om op de sitting te ferskinen. De man is der min oer te sprekken dat er oant no ta gjin tagong hat ta syn eigen strafdossier.
Sân fertochten waarden op tongersdei 27 febrewaris oanhâlden op fertinking fan ynternasjonale wapen- en drugshannel, letter waarden ek noch trije oaren oanhâlden. De kringloopwinkel yn Easterwâlde soe it haadkantoar wêze, fan wêrút wapens, munysje en eksplosiven ferhannele waarden. Ek waard der yn it gebou drugs oantroffen.