Automobilist fljocht út de bocht yn Ljouwert en botst tsjin in beam

12 jan 2021 - 08:41

In 36-jierrige automobilist is moandeitemiddei op de Tijnjedijk yn Ljouwert tsjin in beam botst. De auto kaam fan de rotonde ôf dêr't hy út de bocht fleach. Hy ried troch de berm en oer it fytspaad, wêrnei't hy tsjin de beam botste. Neffens de plysje barde dat mei hege snelheid.

Foto: Kappers Media

It rydbewiis fan de 36-jierrige automobilist út Tytsjerksteradiel is ynfoardere. Hy soe net goed wurden wêze, sa meldt de plysje. Der is in ûndersyk nei de rydfeardigens fan de bestjoerder oanfrege.

(Advertinsje)
(Advertinsje)