Kollum: "In steatsgreep yn Nederlân?"

12 jan 2021 - 08:34

"It is moarn in wike lyn dat wy tsjûge wiene fan in steatsgreep. Yn in lân dat altyd in beaken fan demokrasy, frijheid en progressy west hat. En gelokkich noch is, omdat de steatsgreep foarearst mislearre. Foarige wike wiene wy tsjûge fan de útkomst fan fiif jier yntimidaasje, leagens en gearspanningsteoryen, de kulminaasje fan mear as fiif jier haatsiedzjen, misledigjen en rûzje sykjen. It fergif fan in alternative realiteit, dat nei fiif lange jierren yn 'e kop fan minsken getten is, die en docht syn wurk.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Dat wat foarige wike barde, in putsch fan lju dy't libje yn dy oare realiteit, kin net fuortredenearre of feroare wurde yn in symboal fan Amerikaanske fearkrêft. Yn stee dêrfan is it in yllustraasje fan de útdagings dy't it lân en de nije presidint wachtsje. Op dy wize is Amearika wer in foarbyld foar de rest fan de wrâld.

Want wat dêr barre kin, kin ek yn oare demokrasyen barre. De symptomen en masinaasjes binne ommers oeral itselde. It ferwizen nei en beneamen fan de frije parse as 'de fijannen fan it folk en fersprieders fan falsk nijs', it kontakt sykjen mei en op 'e lije side oankrûpen fan diktatoriale rezjyms en lieders mei fassistyske tinkbylden, it demonisearjen fan politike tsjinstanners.

Amearika sit yn in grutte krisis en is, sa't Maarten van Rossem sei 'in maatskippij dy't yn sosjaal opsicht oant djip, djip yn de woartels siik is.' Datselde jildt, yn mindere mjitte, foar West-Europeeske demokrasyen. Sa't Trump fisjoenen hat fan in Amearika út de jierren 50 fan de foarige iuw, sa ha guon politisy yn Europa dat ek, Nederlân net útsûndere. Mar de klok kin net werom draaid. De wrâld feroaret en yn stee fan werom moat foarút sjoen wurde.

It hat derfan dat Amearika op in kantelpunt stiet. Lykas dat West-Europeeske demokrasyen dat stean. CNN-sjoernalist Van Jones sei it sa: 'Wy witte noch net wêr't wy nei sjogge. Is dit de ein fan eat? Of it begjin fan eat? Binne it de lêste stûpen fan wat dat walchlik is yn ús lân, of de bertepinen fan in noch gruttere gaos?'

Dat binne de fragen dy't in antwurd ha moatte. Yn it deistich libben, en, wat ús yn Nederlân oangiet, aanst mei de ferkiezings. Mei de tastân yn Amearika foar eagen wurdt it belang dêrfan noch folle dúdliker. Wurdt it in fierdere polarisaasje en in fierder teskuorren fan de maatskippij, it weromsjen nei in tiid dy't west hat? Of wurdt der keazen foar nofterens, foar in stribjen nei ienheid en beskaafdens, in kar foar minsken dy't foarút sjogge mei it each op de echte, reële bedrigings dy't op ús takomme?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)