Pleatslik belangen Achtkarspelen lilk om ôfblazen kuierpadeplan

12 jan 2021 - 08:19

Alde kuierpaden en slûpwegen nij libben ynblaze: dat wie it plan fan de doarpsbelangen yn de gemeente Achtkarspelen. It kolleezje fan de gemeente woe meiwurkje oan de plannen, dy't al fierhinne klear wiene. No docht bliken dat de gemeente de stekker út it plan lutsen hat.

Foto: Shutterstock

Ein 2016 waarden alle pleatslik belangen fan Achtkarspelen troch de gemeente belutsen by de tarissing fan in histoarysk kuierpadeplan. Alde kuierpaden of slûpwegen dy't yn ûnbrûk rekke wiene, moasten nij libben ynblaasd wurde.

Der waard in wurkgroep foarme mei de doarpen en der lei in plan fan sa'n 2,5 miljoen euro, wêrmei't de rûtes wersteld wurde koene en der buordsjes pleatst wurde koene. Der wie fiif kear 500.000 euro tasein foar ferskate jierren, sadat de kosten wat útsmard wurde koene.

Plannen fuortbesunige

Dêrnei bleau it by de gemeente lykwols stil. De pleatslik belangen moasten fia fia hearre dat earst al de helte fan it jild fuortbesunige wie en dêrnei it folsleine plan.

De Federatie van Plaatselijk Belangen Achtkarspelen hat in brief oan de gemeente stjoerd dêr't se harren teloarstelling kenber yn meitsje. "Wy binne swier teloarsteld", seit Fokke de Haan fan Pleatslik Belang Surhústerfean.

Fokke de Haan fan Pleatslik Belang Surhústerfean - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"Wy hawwe alles yn oerlis mei de gemeente realisearre. It docht sear dat it plan skrast is, wylst wy fan neat wisten", ferfolget De Haan. "Elts doarp hat syn bêst dien en ynbring hân. Dat der no in streek trochhinne helle is en dat wy dêr mei in omwei achter komme moatte, fine wy net kinnen."

De pleatslik belangen hoopje op in reaksje fan de gemeente dêr't se yn tajouwe dat se ferkeard hannele hawwe en wolle graach mei har yn petear. "Op dizze manier oan de kant setten wurde, fyn ik skandalich. It rekket my hiel bot."

Fokke de Haan fan Pleatslik Belang Surhústerfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)