Boargemaster Agricola fan Dantumadiel nominearre foar World Mayor Prize

Hokker boargemaster hat it ôfrûne jier yn de coronakrisis écht liederskip toand? Dy fraach stiet sintraal by de ferkiezing foar de 'World Mayor Prize'. Tiisdei wurdt bekend wa't de finale dêrfan helle hawwe. Ien fan de nominearden op de longlist is boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel. "It is in moaie opstekker foar Dantumadiel", seit Agricola.
© Gemeente Dantumadiel
Kritearia foar de priis binne moed, iver en yntegriteit. De priis stiet dit jier yn it ramt fan de coronapandemy. Yn totaal binne der 81 boargemasters út 38 lannen nominearre. Oare nominearden binne boargemasters fan wrâldstêden lykas Milaan, Mexico City, Amsterdam en Mannheim.
Mar hoe komt in boargemaster fan in relatyf lytse gemeente as Dantumadiel dêrtusken? "It wie foar my ek in ferrassing", leit Agricola út. "It komt troch Rob Hoogland, kollumnist fan De Telegraaf."

Coronabesmettings

Hoogland fûn it opmerklik dat de boargemaster fan Amsterdam, Femke Halsema, ek nominearre wie, om't der yn Amsterdam dochs in hiel soad coronabesmettings binne en west hawwe. "Hy seach dat yn Nederlân Dantumadiel derút sprong, mei in leech oantal besmettings. Doe sei hy: foar my is Klaas Agricola de man dy't hjirfoar nominearre wurde moat. Sa is it oan it rôljen kommen."
De World Mayor Prize wurdt útrikt troch de City Mayors Foundation, in ynternasjonale tinktank oer lokaal bestjoer fan professionals út Europa, de Feriene Steaten en Azië. It giet om in iepen list: eltsenien kin in boargemaster nominearje.

"Foar de ynwenners"

Agricola beskôget de nominaasje net allinnich as in fertsjinste foar himsels. "It is foar alle ynwenners fan Dantumadiel, want dy hawwe der mei elkoar foar soarge dat it oantal besmettingen sa leech wie", ferklearret Agricola. "As boargemaster binne je it gesicht fan de gemeente, mar it is oan de ynwenners te tankjen."
Agricola sjocht de nominaasje as in opstekker foar de gemeente. "It is moai dat Dantumadiel as ien fan de lytsere gemeenten fan Fryslân dochs yn de spotlight komt. Dat bart meast allinnich by de grutte gemeenten. Dan is it moai dat de oandacht fêstige wurdt op lytsere gemeenten."
Hiel bot kampanje fierd, hat Agricola net. "Ik wol mysels net te bot op it boarst klopje. As minsken my dêryn stypje wolle, dan lit ik dat oan harren oer. Mar sels aktyf kampanje fiere, hoecht om my net. Ik wachtsje gewoan ôf wat derút komt."
Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel