'Onder de klokslag van Franeker': plakboek oer Frjentsjerter skiednis

12 jan 2021 - 06:35

Frjentsjer en omlizzende doarpen hawwe sûnt dizze wike nij in boek oer harren skiednis: Onder de klokslag van Franeker. Minsken moatte it boek lykwols noch yninoar sette. It giet nammentlik om in plaatsjesalbum, by de supermerk te krijen en gearstald troch Historisch Centrum Franeker. Foar elts boek binne mear as 200 plaatsjes te sammeljen. De skriuwers hoopje op in raazje yn gemeente Waadhoeke.

Foto: Piet Postma

De titel fan it boek, Onder de klokslag van Franeker, wiist op it feit dat it net allinne om Frjentsjer giet, mar ek om de omlizzende doarpen dy't yn it ferline it beierjen fan de klok fan Frjentsjer hearre koene. Dus ek bygelyks Seisbierrum, Furdgum, Skalsum, Menaam en Slappeterp. De klok stiet ek yn it stedswapen fan Frjentsjer en it spile in wichtige rol yn it libben fan de Frjentsjerter boargers.

Albert Heijn

It inisjatyf foar it boek kaam by de Albert Heijn oan de Leeuwarderweg wei, mar it boek is gearstald troch in wurkgroep dy't opset is troch Historisch Centrum Franeker. It gearstallen hat sa'n healjier duorre en is foar it grutste part troch njoggen man oppakt. It begûn om febrewaris hinne, mei de earste lockdown. Oant septimber hat de groep oan it wurk west.

"Soad skiednis"

Piet Postma is bestjoerslid by Historisch Centrum Franeker en hy wie de projektlieder. Postma hat sels ek foto's foar it boek makke, hy wie in soad op de fyts op 'en paad troch de stêd om âlde gebouwen op de foto te setten. It boek giet ûnder oare oer it lânskip, de ûntwikkeling fan de stêd, de universiteit fan Frjentsjer, gevelstiennen, bedriuwen, de Twadde Wrâldoarloch, de doarpen om Frjentsjer hinne, it Planetarium en de PC.

Foto: Piet Postma

Allegearre fragminten út de skiednis yn wurd, en dus ek yn byld te sparjen. "We binne in stêd mei in soad skiednis", fertelt Postma. "We kinne by it Historisch Centrum Franeker ek putte út in behoarlike foarried foto's en ynformaasje."

Earste eksimplaren

Ofrûne freed is it boek presintearre mei in digitale gearkomste. De earste eksimplaren binne útrikt oan boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke en kommissaris fan de Kening Arno Brok. "Sy fûnen it skitterjend. Se wiene hiel entûsjast oer de ynhâld", fertelt Postma.

De plaatsjesaksje rint yn elts gefal acht wiken: by eltse tsien euro oan boadskippen krije minsken in pûdsje mei plaatsjes foar yn it album.

Piet Postma fan Historisch Centrum Franeker

(Advertinsje)
(Advertinsje)